Studentenalmanak 1959 - pagina 218
to litten. Nei in pear wiken of meannen sjocht er dan ynienen ny
dat er nea in joun thus is en hy slut him hard in skofke op,
komt nearne mear en krijt dan yn' e rekken dat er in pear trams
efter is. Dan wurdt it klauwen om wer by te kommen en hy wurdt
sa wurch as in meits, dat as de Krystfekansje der is, dan himet en
pustet er as in aid hynder en hat wiken nedich om wer hwat mei
himsels yn it lijk te kommen. Dat de Natio meidocht om party
studinten noch mear lést ean te dwaen, is spitich en fakentiids
bigrypt net ien nou rjocht hwerom't hja dochs noch op dizze ierde
omdoarmet. Der is it Corps, der is de A.S.V.U. der is dit en dat
en oan'e ein de Natio, in iyts dimmen famke dat net pertael mar
suntsjes freget: ,,Welle jimme . . . ?" ,,Hwêrom dan? Hwat hast
to keap?" ,,lk wo! Jim leare fan Frysiän, syn tael, syn kultuer, syn
moaije länsdouwen te halden. Ik wol Jim leare jimsels te bigripen
en net yn in wylde oantrün it eigene fuert te wäldzjenen jimsels
der mei te skeinen. Ik haw it al 60 jier bisocht en bytiden is it my
siagge en meitsje krêftige keardels dy't witte hwat hja welle."
Nou, dan komme hja ris in kear en hunje hwat en rinne fuort, mar
komme ek werom en wurde maet. Ik hat der somtiden fan o f t
de Natio de léste doar is, der't de studint trochgean kin, mar op it
eintsjebislut hat hja dochs de pretinsje dat hja in wichtich plak
yn it unifersitair formidden hat, om't hja in protte studinten de
eagen iepenet foar it eigene en it aerdige yn Fryslan en yn harsels.
Wylst de wräld trochdraeit en yn'e sealen fan'e hotels yn Geneve
de greate mannen boartsje mei macht, minsken en munysje,
wylst fleanmasjines delsaeije en mynwurkersfroulju skrieme oer
har mannen, hat de Natio dit jier dochs de moed hawn en bitink,
dat 60 jier forlyn Sipke Huismans oan har widze stie. Der wiene
in bulte tarissingen foar nedich. Doe't op 26'e fan Slachtmoanne
1957 it nije bistjür, gearstald üt
R. Ferwerda foarsitter
R. V. d. Schaaf skriuwer
P. V. d. Woude ponghalder
mei in biskate kriich it jier bigoun, hie it net tinke kinnen, dat der
sa'n protte wurk oan fest sitte soe. Der waerd ynset mei in gearsit
yn ,,De Kroon" der't praet, waerd oer it kommende Krystkongres.
Eltsenien wie der foar dat der in fyt ütheefd wurde soe en wy
bisleaten, dat wy meidwaen soene oan de aksje fan'e Fryske Aka-
demy om jild bynnoar to knjen foar it nije gebou.
Dêrta setten wy nei Sint Anna ta, wylst it Krystkongres fan'e
202
Deze tekst is geautomatiseerd gemaakt en kan nog fouten bevatten. Digibron werkt
voortdurend aan correctie. Klik voor het origineel door naar de pdf. Voor opmerkingen,
vragen, informatie: contact.
Op Digibron -en alle daarin opgenomen content- is het databankrecht van toepassing.
Gebruiksvoorwaarden. Data protection law applies to Digibron and the content of this
database. Terms of use.
Bekijk de hele uitgave van donderdag 1 januari 1959
Studentenalmanak | 372 Pagina's
Bekijk de hele uitgave van donderdag 1 januari 1959
Studentenalmanak | 372 Pagina's