Geheugen van de VU cookies

Voor optimale prestaties van de website gebruiken wij cookies. Overeenstemmig met de EU GDPR kunt u kiezen welke cookies u wilt toestaan.

Noodzakelijke en wettelijk toegestane cookies

Noodzakelijke en wettelijk toegestane cookies zijn verplicht om de basisfunctionaliteit van Geheugen van de VU te kunnen gebruiken.

Optionele cookies

Onderstaande cookies zijn optioneel, maar verbeteren uw ervaring van Geheugen van de VU.

Bekijk het origineel

Studentenalmanak 1959 - pagina 219

Bekijk het origineel

+ Meer informatie

Studentenalmanak 1959 - pagina 219

3 minuten leestijd

Federaesje oan 'e gong wier, en waerden üntfongen op it griteny-

lius. Boargemaster J. Klok waerd ta sabeare-maet ütroppen. Doe

gyngen wy yn Sint Anna by de doarren laans en swilen ƒ102.—

byinear der't de Akademy üs fansels tige tankber foar wier.

Op eitse gearsit en gearkomste waerd fierders praet oer it lustrum,

mar lokkichernoch meije wy sizze dat der ek noch tiid fear oare

dingen wie. Sa waerd in lezing halden troch it hearskip K. Minnema

oer ,,Fryske plaknammen", en troch it hearskip K. Postma oer

,,lt Hynijippersk". Mei us evenselskip ,,Cygnus Resurgens" oan'e

Stêdsunifersiteit yn'e mande waerd yn ,,De Kroon" wer in seal

hierd der't Tony Feitsma spriek oer: ,,Hwat biskreppe wy mei us

Frysk Biwegen?" Dat der aerdich harsenskrabbe waerd, hoecht

net sein te wurden foar har dy't Tony Feitsma kenne.

De aid maten wiene ek wol ré sa ut en troch ris mei hwat op it

aljemint te kommen foar it aid selskip. Mr D. W. Kok frege yn

in nijsgjirrige skóging oft der noch plak wie foar de provinsje

yn üs län en warskóge tsjin in trochgeande sintralisaesje. Ek it

hearskip G. P. Hekstra kaem nochris efter de tafel mei in lezing

oer de ,,Ynpoldering fan de Lauwerssé". it die bliken dat ekonomys-

ke en sosiale aspekten net altiten meiinoar yn it lyk te breidzjen

binne.

It is der tige ynfallen dat de foarstejiers op in gearsit in lytse skó-

ging häldden. Sa kamen E. B. Folkertsma yn bisprek en it Rapport

fan it Länbouskip oer ,,Hoe tinkt de stedtsjer oer de boer".

Twa gearsitten waerden der halden om de foarste jiers yn de kunde

te bringen mei it wurk en it wyt fan de Natio. Gjinien hie der lyk-

wels sinodn en gean mei nei Dokkum foar ynstallaesje op'e lus-

trumgearkomste, dat de tsien nijkommers binne nei it lustrum

ynstallearre.

Fan 25 oant 27 fan Slachtmoanne waerd dan it lustrum fierd. De

jouns fan'e 25e spilen trije maten, ien maetske en twa ynlaetskes

it Ingelske toanielstik ,,The blind man" fan Stuart B Jackman. It

hearskip M. Ferwerda hie it fansels earst forfryske en hat dêrmei

gans üt e wei set. It waerd brocht yn'e Woestduintsjerke foar de

Fryske kriten yn Amsterdam, mar dy lieten it hwat sitte, dat de

tsjerke wie net botte fol. De oare deis gie de reis nei Dokkum ta,

dêr't de jouns in volleybalkriich wie tusken de Kweek, it Lyceum

en in frije ploech. De winner spiele tsjin in team fan de Natio.

Ek waerd dêr de utslach fan de opstelkriich bikend makke. De

skoaiien hiene nammentlik ek eits in stik of tsien opstellen stjurd

203

Deze tekst is geautomatiseerd gemaakt en kan nog fouten bevatten. Digibron werkt voortdurend aan correctie. Klik voor het origineel door naar de pdf. Voor opmerkingen, vragen, informatie: contact.

Op Digibron -en alle daarin opgenomen content- is het databankrecht van toepassing. Gebruiksvoorwaarden. Data protection law applies to Digibron and the content of this database. Terms of use.

Bekijk de hele uitgave van donderdag 1 januari 1959

Studentenalmanak | 372 Pagina's

Studentenalmanak 1959 - pagina 219

Bekijk de hele uitgave van donderdag 1 januari 1959

Studentenalmanak | 372 Pagina's